Boekrecensie Sipke Sil Sile / Sipke gaat zeilen

Sipke Sil Sile www.Love2try.nl Boekrecensie

Voor Heit en Mem mocht ik uit de serie Gouden Boekjes het boekje Sipke sil sile van Lida Dijkstra lezen. Deze recensie schreef ik een jaar geleden. Wat zouden wij ook dit jaar graag op het Lemster strand het Skûtsjesilen bekijken…

Wêr kin ik it boekje Sipke sil sile better foarlêze as op in echt skûtsje? Mei syn trijen krûpe we op it bankje yn it roefke. De bern geane elk oan in kant fan my sitten, om sa meielkoar it boekje te lêzen. 

Myn oandacht waard fuortendaliks lutsen troch de titel fan it boekje, Sipke sil sile. Mei in omke dy’t skipper is by de IFKS, in muoike dy’t fanatyk meisylt en in beppe mei in skûtsje, liket it boekje Sipke sil sile my leuk foar ús bern, Sophie fan 8 en Stijn fan 5. 

It boekje giet oer Sipke de mûs dy’t graach mei pake Pipermûs mei sile wol. Dy deis mei hy net mei en beslút er om sels in boat te bouwen, tegearre mei syn freondintsje Hotske Hazze. Under it farren komme hja tusken de float skûtsjes telâne. De skippers wolle protest oantekenje, mar stikem is pake Pipermûs bêst grutsk op syn pakesizzer. Spitigernôch sinkt it boatsje, mar ienris feilich oan wâl beslút Sipke om syn dream wier te meitsjen. Hy sil in skûtsje bouwe om dêrmei kampioen te wurden! 

It boekje is op rym skreaun, wat it noflik makket om te lêzen. Op de iene bledside stiet de tekst yn it Frysk en op de oare yn it Nederlânsk. Sels fyn ik de Fryske ferzje moaier. Ik ha sels in oantal moaie Fryske wurden, lykas breinroer en tjirget, byleard. Sophie lêst graach sels en foar har is de Nederlânske ferzje ideaal. De jonges fan de Kameleon komme ek noch efkes foarby yn de tekst. Wat benammen Sophie leuk fynt…

Op de printsjes is fan alles te sjen. Elke kear as wy it boekje foarlêze, ûntdekke wy wer wat nijs. De Fryske tint oan ’e printsjes fyn ik in moaie tafoeging.

Stijn hat der nei it lêzen fan it boekje Sipke sil sile yn elk gefal in dream by. Oait wol ek hy sile op it skûtsje, krekt as Sipke en syn omke PJ en muoike Jildou. Hy freget sels at ik ûnder it foarlêzen de namme Sipke ferfange kin troch Stijn… 

You may also like

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *